Slûsstewards wer ynset

01 jun 2009 - 16:30

Slûsstewards binne dizze simmer wer aktyf by de Prinses Magrietslûs op De Lemmer. Se moatte derfoar soargje dat it skipfeartferkear flotter troch de slûzen komt. Troch de simmerdrokte en de net-betûfte skippers dy't dan farre, rint it noch wol ris fêst. Mei de Pinkster wie it ek al drok.

De stewards helpe de boartsjeminsken mei it yn- en útfarren fan de slûs en mei it oanlizzen. Der binne mei-inoar tolve stewards dy't benammen yn july en augustus in soad ynset wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)