Cambuurhuldiging op woansdei

De Aldehou yn it sintrum fan Ljouwert
As Cambuur woansdei promovearret nei de earedivyzje, is der dyselde jûns in huldiging by de Aldehou yn Ljouwert. De Ljouwerters spylje woansdei yn eigen stadion de beslissingswedstriid yn 'e play-offs tsjin Roda JC.
By de Aldehou komt ek in grut skerm te stean foar minsken dy't gjin kaartsje bemachtigje kind hawwe. De kluplieding ferwachtet in pear tûzen minsken op it plein. Earder wie der noch sprake fan in huldiging fan 'e ploech fan trainer Stanley Menzo op tongersdei.