Ruten fernield yn Boalsert
Yn Boalsert binne ôfrûne nacht twa winkelruten oan de Skilwyk sneuvele. De fernielings wiene nei alle gedachten it gefolch fan in fjochtpartij. Dêrby waarden in pear manlju tsjin de ruten fan 'e winkel oantreaun. Sadwaande rekken de ruten stikken.
De plysje is op syk nei tsjûgen fan it foarfal.