Cambuurbus fernield

01 jun 2009 - 13:02

Nei de wedstriid Roda JC-Cambuur yn de play-offs hat de plysje snein yn Ljouwert fjouwer manlju oanhâlden. De groep wie mei de bus nei de wedstriid yn Kerkrade reizge. Op 'e weromreis hawwe se de bus dêr't se yn sieten flink fernield.

By oankomst op it Cambuurplein binne de fjouwer oerdroegen oan 'e plysje. Op it plein hong op dat moment in grimmitige sfear, mar ta fiedere problemen hat it net laat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)