Mark de Vries 'fol fertrouwen'

31 maaie 2009 - 20:16

Cambuur-oanfaller Mark de Vries is fol fertrouwen oer de wichtige wedstriid fan no woansdei fan Cambuur tsjin Roda JC. Mark de Vries makke sneintejûn yn Kerkrade de wichtige lykmakker foar de Ljouwerters. "Dat ik skoar is moai, mar it is wol in tiimprestaasje."

Woansdei dan pakke we Roda JC gewoan, sa sei Mark de Vries nei ôfrin fan de wedstriid yn Limburch. Kalm bliuwe, de bal foar de goal smite en dan op it goeie momint skoare, dat is neffens him de goeie taktyk tsjin Roda JC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)