Muntsjesyl: motorrider ferwûne

De motor wurdt út de sleat takele (foto: Jan Beets, 112 Grinslân)
In motorrider is sneintemoarn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Oosterwaarddyk tusken Pietersyl en Muntsjesyl. De man wie yn in groep motorriders ûnderweis nei Muntsjesyl, doe't er yn in bocht de macht oer syn motor kwyt rekke.
Mei it nedige gelok glied de man mei de motor tusken twa beammen troch om yn in droege sleat te bedarren. De man waard mei heupletsel oerbrocht nei it sikehûs. De motor waard troch in berger út de sleat takele en ôffierd.