Drokte yn Cambuurstadion

Tûzenen fans folgje de wedstriid yn it stadion...
In oere foar de play off-wedstriid Roda JC-Cambuur sieten al goed tûzen Cambuurfans op de noardtribune fan it stadion. De fans sille dêr de wedstriid folgje op in grut skerm, dat by de 16-meter line hinget. Foar de wedstriid koene de fans yn it sintsje sjen nei de Cambuur jubileum-dvd.
Der is op de tribune plak foar op syn meast 3.500 minsken. De tribune is dêrmei mear as fol.