Oanhâlding nei achterfolging

31 maaie 2009 - 14:30

De plysje hat sneintemoarn in ynwenner (32) fan It Hearrenfean oanhâlden nei in efterfolging foar autoriden mei in ûnjildich rydbewiis en omdat hy tefolle dronken hie.

De plysje seach de man op de Stadionwei riden. De man is in bekende fan 'e plysje. De man wist dat hy signaleard wie en besocht út te naaien. By de achterfolging dêrnei waarden snelheden fan 100 kilometer yn 'e oere helle op plakken dêr't je net hurder meie as 50.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)