'Oranjekoeke better beskermje'

Esther de Lange by har eigen billboard yn Nijeholtpea
Fryske streekprodukten lykas oranjekoeke moatte Europeesk beskerme wurde. Oant no ta binne mar seis Nederlânske produkten registreard op Europeesk nivo. Der sit neat út Fryslân by en dat moat feroarje, fynt Europarlemintariër De Lange (CDA).
As in Frysk produkt registreard wurdt, mei in oar bûten Fryslân sa'n produkt meitsje, mar net ûnder deselde namme op 'e merk brenge. Oare lannen hawwe al hûnderten produkten op dizze wize beskerme.