Grut kamp skouts by Lauwersmar

Ympresje fan it grutte skoutingkamp (foto: Rens van Stralen/Rtv Noord)
Fan bevers en Welpen oant Rowans en Pivo's: sa'n 3500 bern en jongeren fan 6 oant 23 jier út Fryslân, Grinslân en Drinte hawwe dit wykein harren tinten opslein yn de Marnewaard foar it Noardelik Pinksterkamp.
Het Pinksterkamp, dat foar it earst yn 1922 plak fûn, is it grutste jierlikse skoutingevenemint yn Europa.