Ferset tsjin NAM-boarlokaasjes

© Omrop Fryslân
De Vereniging van Particuliere Verhuurders op It Amelân ferset him tsjin plannen fan de NAM. Dy wol op it eilân nei gas boarje en hat twa lokaasjes op it each. Neffens de feriening wurdt de ferhier fan apparteminten yn de kompleksen Vleyenhof en Amelander Paradijs ûnmooglik mei in boartoer yn de achtertún.
Foarsitter Marius Gerritsma fan de VPVA skriuwt dat yn in brief oan de gemeente.