Oldtimers botse by Lytsewâld

31 maaie 2009 - 11:43
  • De skânsearre motorfyts fan 1949....
  • waard rekke troch dizze Citroën fan 1972 (foto's: Jan Beets)

Sneontemiddei is by Lytsewâld in motorrider ferwûne rekke by in oanriding mei in auto. It ûngelok barde op de krusing Hessewei-Rykswei by Lytsewâld. De motorrider hie de motorfyts, in oldtimer fan 1949, krekt kocht yn Boerum en wie dêrmei ûnderweis nei Bûtenpost.

De autorider, dy't ek yn in oldtimer ried, seach nei alle gedachten de motorrider oer de holle. De motorrider waard mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)