Mariska Kramer wint duatlon

© Omrop Fryslân
Mariska Kramer hat sneon de duatlon fan Lelystêd wûn. Nei 7 kilometer hurdrinne, 30 km fytse en wer 3,5 km drave hie Kramer krapoan twa minuten foarsprong op Stefanie Bouma fan Grins. Mariska Kramer har eintiid wie 1 oere, 35 minuten en 4 sekonden.
Foar de winnende Drachtster atlete wie dizze koarte duatlon foaral bedoeld om te wurkjen oan it tempo. En omdat it mar 'koart' wie gong Mariska Kramer nei har winst op 'e fyts nei hûs. Hie se der dochs noch goed 100 km by traind.