Wer goud Epke Zonderland

© Omrop Fryslân
Epke Zonderland hat by de wrâldbekerwedstriden yn Moskou it ûnderdiel rek wûn. Mei syn skoare fan 15,550 punten bleau er de Sloveen Aljaz Pegan en de Wyt-Rus Aleksandr Tsarevitsj foar. Op 'e brêge helle Epke ek it poadium. Hjir waard er tredde mei 15,000 punten.
Fjirtjin dagen lyn in Glasgow wie Epke Zonderland ek al de bêste oan 'e rekstôk.