Bart Helmholt wint fierljeppen

Bart Helmholt yn aksje (foto: Martin de Jong)
It fierljeppen op De Jouwer is yn de topklasse wûn troch Bart Helmholt fan Burgum mei in sprong fan 18,75 meter. It is syn tredde dei-oerwinning dit seizoen. Nard Brandsma fan It Heidenskip wûn mei 18,29 meter by de junioaren.
By de froulju pakte Anna Jet Leijenaar fan Snits de winst mei 14,21. Albert-Jan Venema fan Feanwâlden sprong by de jonges it fierst mei 16,51 meter.