Rol Harkemase Boys útspile

30 maaie 2009 - 16:41

It mearke is oer foar Harkemase Boys. De Harekiten ferlearen op De Bosk mei 3-2 fan IJsselmeervogels. Yn de tolfde minút fan de earste helte waard it 1-0 foar IJsselmeervogels. Acht minuten letter kamen de Boys op in 2-0 efterstân. Flak foar skoft makke Danny van Dijk de oanslutingstreffer: 1-2.

Yn de twadde helte waard it yn de sechde minút 3-1 foar de ploech út Spakenburg. Reinder Slager soarge foar 3-2, mar fierder kaam Harkemase Boys net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)