Oar subsydzjebelied Waadgebiet

30 maaie 2009 - 14:57

Natuerorganisaasjes kinne net samar mear subsydzje oanfreegje by it Waadfûns. Dat advisearret de 'Raad voor de Wadden' oan minister Cramer. It waadgebiet moat oer tweintich jier moaier, skjinner, natuerfreonliker en better beskerme wêze.

Organisaasjes krije aanst allinnich noch mar subsydzje as har plannen meihelpe om dat te berikken. Yn totaal waard 28 miljoen euro út it Waadfûns ferdield oer sechtjin projekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)