Drankrider oanholden
In 18-jierrige drankrider út Driezum is sneontemoarn by Westergeast oanholden. De man besocht oan de plysje te ûntkommen. Hy ried mei hege faasje lâns Driezum, Wâlterswâld en Damwâld, mar de plysje krige him úteinlik te pakken.
De man hat bekeurings krigen foar it riden mei drank op en gefaarlik riden.