Finansjele problemen Wyldemerk

De kampus soe komme moatte op it terrein fan de gersdroegerij
Finansjele problemen driigje de 24 oers-kampus Wyldemerk by Harich de kop te kostjen. Dat docht bliken út antwurden fan Deputearre Steaten op fragen fan de FNP. De provinsje hat mei-inoar 4,7 miljoen euro stutsen yn it projekt foar learlingen mei gedrachsproblemen.
No, nei in jier tiid, krije se de eksploitaasje net rûn. Der wie ûnder oare rekkene op in hegere bydrage foar elke learling fan it ministearje fan Underwiis as úteinlik útbetelle wurdt.