Brommerrider Harns gefaarlik

© Omrop Fryslân
In 20-jierrige brommerrider út Harns is freedtejûn pakt mei tefolle drank op. Neffens de plysje wie de man in gefaar op de dyk. Hy en syn passazjier rieden sûnder helm troch it sintrum. Doe't de plysje him oanhâlde woe, naaide de brommerrider út. Doe't er flechte foar de plysje ried de man oer de stoepe, der't er hast in pear fuotgongers rekke. De plysje krige de man op de Noarderhaven dochs te pakken. Hy hie ek gjin brommerrydbewiis.