Tefredenens iepenbier ferfier

Reizgers binne tefredener oer de feiligens
Reizgers binne better te sprekken oer de feiligens yn it iepenbier ferfier. Se jouwe lanlik in 7,9 foar sosjale feiligens, wylst dat yn 2008 noch in 7,8 wie. Yn Fryslân ha 31 op de 1000 minsken slachtoffer west fan in insident, it leechste fan Nederlân. Rotterdam hie mei 70 op de 1000 reizgers it heechste oantal.
Minsken dy't yn Fryslân mei de Arriva-treinen reizgje, jouwe in 8,2. Lanlik wurdearje reizgers it regionale treinferfier mei in 8.