Freshfeest foar jongeren

© Omrop Fryslân
Yn Bûtenpost is freed begûn mei in feest dat jongeren dúdlik meitsje moat dat je ek feeste kinne sûnder alkohol. Dizze saneamde Freshfeesten binne yn it westen fan it lân al in súkses. De gemeenten yn Noardeast-Fryslân ha der dêrom jild yn stutsen.
Op it terrein fan it Freshness Festival stean twa poadia, in grutte glydsbaan en in klimwand. Der wie gjin alkohol te krijen. It wie bedoeld foar jongeren tusken de 12 en 17 jier út Achtkarspelen en Kollumerlân.