Minister Verburg falt Bos oan

© Omrop Fryslân
Lânbouminister Verburg hat freed yn Surhústerfean de oanfal iepene op PvdA- lieder Bos en de troch him winske herfoarmings fan it Europeeske lânboubelied. Bos wol ôf fan de hûnderten miljoenen euro's dy't Brussel oan lânbou besteget. De nasjonale oerheden kinne dat sels wol betelje.
Neffens Verburg sit er mis en hâldt Bos net fan boeren. De minister seit fierder dat Bos syn ferhaal basearret op âlde gegevens.