Theo Postma wint De Harkema

© Omrop Fryslân
Theo Postma hat freedtejûn it kritearium fan De Harkema wûn. De hurdfytser fan Sweagerbosk naaide yn de finale út en kaam solo oer de einstreek. Glenn Clermonts fan Bellingwolde waard twadde, Jeffrie van der Velde fan Kropswolde tredde.
De Ronde fan De Harkema wie de twadde wedstriid fan de pompeblêd twa dagen. De winner fan tongersdei yn Gerkeskleaster-Strobos, Ivor Bruin fan Andijk, waard einwinner en krige sadwaande de gouden pompeblêdspjelde.