Juridyske striid smookferbod

29 maaie 2009 - 16:41

It smookferbod yn de hoareka jildt al wer in jier. Mar noch altyd is der juridyske striid. Yn Ljouwert waard freed de heger beropsaak tsjin it Grinzer kafee De Kachel behannele, dat earder wol troch de rjochter feroardiele waard.

Lytse kafees binne bliid mei de útspraak in pear wike lyn dat in ienmanssaak yn Breda de jiskepantsjes wer op tafel sette mei. Mar der bliuwt argewaasje oer de ûndúdlike regels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)