Ferkearde kandidatelisten

29 maaie 2009 - 15:14

Op sa'n 200 adressen yn de gemeente Hearrenfean binne dizze wike ferkearde kandidatelisten ferspraat foar de Europeeske ferkiezings. De foarside fan de listen mei dêrop alle nammen is itselde, mar op de achterkant stiet ynformaasje dy per gemeente ferskilt.

Dan giet it bygelyks om de stimlokalen yn in gemeente en ynformaasje oer de kiespas. Yn de gemeente Hearrenfean binne listen ferspraat dy't bedoeld wiene foar de gemeenten Lemsterlân en Boarnsterhim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)