Slooppreemje foar âlde auto's

29 maaie 2009 - 14:35

De provinsje soe meibetelje moatte oan de sloopregeling foar âlde auto's. Dat fynt de autobrânsj-feriening Bovag. Freed is de lanlke sloopregeling fan start gien. As minsken har âlde, fersmoargjende auto ynruilje foar in nagelnije dan kinne se fan de oerheid tusken de 700 en 1500 euro krije.

Neffens Foarsitter Jan Ploeg fan de Bovag is dat bedrach eins te leech en leit it foar de hân dat de provinsje dat omheech bringt. Neffens Deputearre Galema is meibetelje net oan de oarder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)