Noch kaarten foar Roda-Cambuur

1000 kaarten beskikber
Foar de twadde wedstryd fan Cambuur tsjin Roda JC, snein yn Kerkrade, binne 1000 kaarten foar Cambuursupporters beskikber. Alle kaarten binne keppele oan in buskomby. Dêr hat Roda JC foar keazen.
Freedtemoarn om njoggen oere is de kaartferkeap begûn. Der binne noch genôch kaarten te krijen. As Cambuur de wedstryd snein wint promovearje se nei de earedivyzje.