Sel foar Drachtster oplichter

29 maaie 2009 - 12:41

It iepenbier ministearje easket 3 jier sel tsjin in man út Drachten dy't minsken oplichte hat foar in bedrach fan mei-inoar ien miljoen euro. De man soe 10 minsken in protte jild út de bûse praat ha. Boppedat wurdt er fertocht fan it oplichten fan in bank.

De man hat him in pear moanne lyn sels oanjûn by de plysje, dat die er fanút Tailân, dêr't er doe siet. It jild makke de âld-finansjeel adviseur op yn it kasino. Hy besocht dêr syn skulden werom te fertsjinjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)