Vonk en Jong-A-Pin fuort?

29 maaie 2009 - 11:08
  • Hans Vonk (foto Martin de Jong)
  • Calvin Jong-A-Ping (foto Martin de Jong)

De kâns is grut dat Hearrenfeankeeper Hans_Vonk fuortgiet. Hy hat in oanbod krigen út Súd-Afrika om earste keeper te wurden by Ajax_Cape_Town. Vonk is noch mar koart wer aktyf yn Hearrenfean. Hy kaam yn de winterstop oer fan Ajax Amsterdam.

Ek Calvin_Jong-A-Pin siket syn takomst bûten Fryslân. De 22-jierrige ferdigener fynt dat er te min spyltiid krijt fan trainer Sollied. Hearrenfean hat syn meiwurking tasein. Jon-A-Pin kaam yn 3 jier ta 41 earedivyzjeduels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)