Hearrenfean froulju ferlieze

29 maaie 2009 - 10:56

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe tongersdeitejûn de lêste útwedstryd mei 3-0 ferlern fan ADO Den Haag. De ploech fan trainer Harry Sinkgravan wie de hiele wedstryd de mindere. Foar de posysje op de ranglis makket de útslach neat mear út. Hearrenfean stiet en bliuwt ien nei lêste mei offisjeel noch ien wedstryd te gean.

AZ pakte de titel troch de oare koprinner Willem II yn Tilburg met 6-0 op te rôljen. It is de twadde titel op rige foar AZ.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)