Bedrige blaustirns krijt stipe

Op de flotsjes kin de blaustirns in nêst meitsje
Frijwilligers en natuerbehearders sette har al jierren yn foar de blaustirns yn ús provinsje. Se meitsje sels flotsjes dêr't de fûgels har nêst opbouwe. Mar dochs giet it alle jierren minder mei de blaustirns (zwarte stern).
De Fryske Blaustirnswurkgroep hat mei in relatyf lyts bedrach oan subsydzje yngrepen dien yn it lânskip om in tal briedkoloanjes hinne. In briedkoloanje by De Wylgen is der sa wer boppe-op holpen.