Vattenvall hâldt ynfo achter

28 maaie 2009 - 22:16

It Sweedske enerzjybedriuw Vattenfall dat NUON oernimme wol hat de Dútse oerheid ferkeard foarljochte oer twa ûngelokken by kearnsintrales. Dat stelt in minister fan de Dútse dielsteat Sleeswijk Holstein yn antwurden op fragen fan de steatefraksje fan de SP. Dy ferset him tsjin de ferkeap fan Fryske NUON-oandielen oan it Sweedske bedriuw.

It is net de earste kear dat der wat misgie by Vattenvall. Yn Sweden wie in kear hast brân yn in kearnsintrale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)