Marit Bouwmeester noch twadde

© Omrop Fryslân
Marit Bouwmeester hat op de twadde dei fan de Delta Lloyd Regatta har twadde plak yn it algemien klassemint behâlde kinnen. Mei licht waar helle se yn de Laser Radial in diskwalifikaasje, in 6e en in 1e plak. De Finske Sari Multala bliuwt earste.
Pieter Jan Postma hie mei in 18e en 15e plak yn de Finn in folle mindere dei. Hy sakke nei it achtste plak. Roelof Bouwmeester stiet yn de Laser op it 12e plak.