Ynternasjonale plûm sikehûs

It Antonius sikehûs yn Snits krijt as earste sikehûs yn Fryslân it boarstfiedingssertifikaat. Dat is in ynternasjonaal sertifikaat fan de Wrâld Sûnens Organisaasje en fan Unicef. It lit sjen dat it sikehûs froulju hiel goed begeliedt by it op gong bringen fan de boarstfieding, as se krekt in poppe krigen ha.
Meiwurkers fan it sikehûs ha de ôfrûne jierren hurd wurke om it sertifikaat yn de wacht te slepen.