C&A betellet mei oan teater

Tekening fan it nije teater
C&A Nederlân is de grutste jildsjitter fan it nije teater yn Snits. It moadekonsern stekt miljoenen yn it projekt. Oant ôfrûne woansdei wie der noch in gat yn de begrutting fan goed 2,5 miljoen euro en dat is no oplost.
C&A wol net krekt sizze hoefolle jild der oermakke wurdt nei de gemeente. Ek is net dúdlik wat der foar it moadekonsern tsjinoer stiet. Wol wurdt ûntkend dat it nije teater C&A teater komt te hjitten.