Fúzje ZMLK-skoallen Drachten

28 maaie 2009 - 15:13
  • learlingen fan 'e Drachtster zmlk-skoalle
  • de skoalle  hat ek in eigen wurkpleats

Talryk, dat is de namme fan de nije skoalle foar it spesjaal fuortset ûnderwiis yn Drachten, dy't tongersdei bekendmakke is. De Gerritsmaskoalle en de twa lokaasjes fan Leerweg Zorg geane mei-inoar fierder ûnder dizze namme. It is in hiel bysûndere fúzje, om't iepenbiere en kristlike skoallen gearfoege wurde.

Op de nije skoalle sitte aanst sa'n 220 bern. De nijbou giet nei de simmer los, de ferwachting is dat de bern der yn de hjerst fan 2010 yn kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)