13e Roefeldei yn Jobbegea

28 maaie 2009 - 12:56
  • Sa giet dat dus by de brânwacht

Apoteker, plysjeman of kapster, de measte bern witte op de basisskoalle noch net wat sy wurde wolle. Goed 80 bern fan basisskoallen koene tongersdei yn Jobbegea sels útfine hoe't it om en ta giet yn de grutte minskewrâld.

Foar de 13e kear waard dêr de Roefeldei fan Jantje Beton organissearre. Dat is in dei dat bern snuffelje kinne oan allegear beroppen. En se meie sels fan alles útteste by de 40 bedriuwen dy't meidogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)