Cambuur klear foar Roda JC

Sportclub Cambuur makket him op foar de lêste hobbel op wei nei de earedivyzje. Roda JC út Kerkrade is de lêste tsjinstanner dy't dêrfoar noch oan de kant setten wurde moat. Tongersdeitejûn is de earste wedstriid yn it Cambuurstadion yn Ljouwert, snein is de return yn Kerkrade.
De Cambuurseleksje makket in hektyske wike troch mei it ferstjerren fan Jan Riedstra, de twa winstduels tsjin FC Zwolle en no de wedstriden tsjin Roda JC.