Learlingen bouwe wapentúch

28 maaie 2009 - 10:31
  • It belegeringswapen sil yn juny brûkt wurde op in midsieuske merk (foto: Lenus van der Broek)

Learlingen fan it Linde College yn Wolvegea bouwe oan in 'evenhoge'. Dat is in midsieusk belegeringswapen, dat de Stellingwervers brûkten by de belegering fan it kastiel yn Vollenhove. De Stellingwerven bestean dit jier 700 jier. Yn it ramt dêrfan binne der dit jier aktiviteiten yn West- en Eaststellingwerf.

Heal juny is der in midsieuske merk yn Wolvegea. Dan falle de Stellingwervers in neiboud kastiel oan mei de 'evenhoge'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)