Oerfaller noch net oanhâlden

28 maaie 2009 - 10:17

De man dy't woansdeitemiddei in frou yn har wenning yn Ljouwert oerfoel, is noch net oanhâlden. It buertûndersyk hat noch neat opsmiten. De frou wennet op it Hagendoornplein yn de Ljouwerter wyk Heechterp. De fertochte belle oan, bedrige har mei in wapen en woe jild ha.

Nei de oerfal starte de plysje in burgernetaksje, goed 2100 minsken krigen in smske dêr't se yn frege waarden om út te sjen nei de fertochte. Dat hat dus neat opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)