Bussjauffeur yn gesicht flibe

28 maaie 2009 - 10:13

In 17-jierrige jonge út Wolvegea hat woansdei in bussjauffeur yn it gesicht flibe. Hy hie in mieningsferskil mei de man. De sjauffeur hat it sinjalemint fan de jonge fuortendaliks oan de plysje trochjûn neidat dy út de bus stapt wie.

In oare sjauffeur seach him yn de bus nei It Hearrenfean. Dêr is de jonge oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Nei ferhoar is er frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)