Gjin Fryske foarlêskampioen

Marije Plat, Frysk foarlêskampioene, foel yn Utrecht net yn de prizen
De lanlike foarlêsfinale is net wûn troch Marije Plat fan It Hearrenfean. Sy lies woansdei tagelyk mei bern út alle oare provinsjes foar yn muzyksintrum Vredenburg yn Utrecht. De foarlêzer út Noard-Brabân kaam dêrby as bêste út de bus.
Marije hie har foar de lanlike finale pleatst troch it winnen fan de provinsjale foarronde. Se lies yn Utrecht in stik út it boek 'Zonder Zusje' fan Wendela Walta foar, dat is in boek oer rouferwurking.