Nije helling foar Suderbuorren

28 maaie 2009 - 09:56

Bewenners fan de wyk Suderbuorren yn Ljouwert kinne fan freed ôf har boat makliker yn en út it wetter krije. Dan wurdt by de wyk de nije trailerhelling iepene. In soad huzen yn Suderbuorren hawwe in eigen steiger, mar der waard ek gauris gebrûk makke fan de trailerhelling fan wettersportbedriuw De Twee Provinciën.

De offisjele iepening fan de nije helling wurdt dien troch wethalder Gerrit Krol fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)