Museum Wommels wer iepen

Op 6 juny gean de doarren fan it Tsiispakhús wer iepen
It seizoen fan museum it Tsiispakhûs yn Wommels begjint 6 juny mei in eksposysje oer de oarloch. It giet om in eksposysje dy't no noch yn it fersetsmuseum te sjen is. Dy behannelet de rol fan fleantugen yn de oarloch.
Achter de skermen wurdt hurd wurke oan de restauraasje fan it gebou. Dy moat yn de maaityd fan 2010 klear wêze. Dan wurdt op de earste ferdjipping omtinken jûn oan de skiednis fan de suveldyndustry.