Nije Doutzen socht op stasjon

27 maaie 2009 - 20:15

In modelleburo út Amsterdam siket nije wike freed in nije Doutzen Kroes, op it stasjon fan Ljouwert. It giet om it buro House of Orange, dat modellen levert foar grutte blêden lykas Marie Claire, Elle en Avant Garde.

Modellen kinne harsels yn it foar opjaan foar in casting op it stasjon, mar de meiwurkers fan it buro sjogge ek sels goed om har hinne. Kandidaten moatte noch ferskate proeven dwaan, foardat se echt oan de slach kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)