H'fean praat net mei Skar'lân

© Omrop Fryslân
De gemeenterie fan Hearrenfean wol no net om de tafel mei de gemeenterie fan Skarsterlân oer de gearwurking yn de takomst. De rie fan Skarsterlân hie de rie fan Hearrenfean útnoege foar in besletten oerlis oer in rapport oer de takomst fan Skarsterlân.
Dêr kaam as bêste opsje in fúzje mei de gemeenten Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân út en in nauwe gearwurking mei Hearrenfean. Mar de Rie fan Hearrenfean fynt dat soks net yn in besletten gearkomste thúsheart.