Harnzer ûndernimmers lilk

27 maaie 2009 - 17:07

Undernimmers op de Grote Brede Plaats yn Harns binne poer op de gemeente. Der mei hast net mear parkeard wurde op it plein. Dêrtroch rinne se flink wat omset mis. Sûnt 15 april mei der middeis, op keapjûn en op sneons net mear parkeard wurde op it plein.

Undernimmers oan it plein fine it in ramp en hawwe in hantekenaksje opset. Der binne al tûzenen hantekeningen fan klanten sammele. De winkeliers biede se nije wike oan de gemeente oan en hoopje sa it tij te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)