Weening mooglik yn dopingsaak

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wurdt mooglik heard yn in dopingsaak. Syn Raboploech hat de Eastenrykse justysje alle meiwurking tasein by it ûndersyk nei de Weenske bloedbank Humanplasma. By dy bloedbank soe in grutte groep sporters har skuldich makke ha oan bloeddoping.
Yn it ferline waarden ek nammen fan Rabofytsers neamd yn dizze saak, wêrûnder Pieter Weening. Weening seit sels dat it grutte ûnsin is: "Ik ha neat ferkeard dien."