Ofskied fan Jan Riedstra

27 maaie 2009 - 16:01

Yn de grutte tsjerke yn Ljouwert wie woansdei de útfearttsjinst fan Jan Riedstra. Der kamen sa'n 650 minsken op ôf. Neist freonen en famylje wiene der in soad sakepartners fan Riedstra en ek de folsleine seleksje fan Cambuur wie oanwêzich.

Riedstra ferstoar ferline wike tongersdei oan in hertoanfal. Der waarden in soad minsken ferwachte by it ôfskied en dêrom wie neist de tsjerke in tinte mei skermen opset, mar dy hoegde net brûkt te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)